Simmerskyn

Simmerskyn

Wite roazen kleurje read
Troch it sakjen fan 'e sinne
Tinzen flean' werom as wie 'k wer jong
Kikkerts kweakje hûndert út
No't de dei syn eagen slút
'k Wit noch goed hoe't jûns ús mem har sankjes song

Sêft giet dyn tekken op en del
Do bist sa stadichoan al wer in jier
Sa yn it lêste simmerskyn
Fielt it eins net hiel lang lyn
Op it plakje dêr't ek ea myn widze stie

In 'e fierte slacht de toer
It ritme fan it libben
Dreamjend stoarje ik nei de hoarizon
By it sjen fan 'e lêste stjer
Is it earste dat ik hear
Hoe't ús heit spile op syn akkordeon

Sêft giet dyn tekken op en del
Do bist sa stadichoan al wer in jier
Sa yn it lêste simmerskyn
Fielt it eins net hiel lang lyn
Op it plakje dêr't ek ea myn widze stie
Dit is it plakje dêr't ek ea myn widze stie


source: Songteksten.nl

Language: dutch